100 jier jazz yn Nederlân

juny 11, 2021 08:24 Fernijd

NTR en North Sea Jazz presintearje muzikale trip

100 jaar Jazz is in fleurige reis troch de skiednis fan de jazz yn Nederlan. Mei de muzyk en muzikanten fan no en mei in knypeach nei it ferline nimme de presintatoaren Wilfried Baijens en Giovanca Ostania út Ahoy wei de sjogger yn in muzikale trip mei. Dêr wurde histoaryske bylden  yn ôfwiksele mei foaral in protte livemuzyk.

New Cool Collective (foto: ©IAMKAT)

Hûndert jier lyn waard de earste Nederlânske jazzformaasje oprjochte; de James Meyer Jazz Band. Reden foar in feestje mei de artysten fan no mei optredens fan ûnder oaren Smandem, Kika Sprangers, Pax the Humanoid, AMOK û.l.f. Tijn Wybenga en de New Coll Collective mei Janne Schra. Yn it programma sil ek in troch Martin Fondse foar de gelegenheid skreaune komposysje útfierd wurde yn de besetting fan de James Meyer Jazz Band. Wat is ekstra bysûnder makket is dat de muzyk fan de James Meyer Jazz Band net bewarre bleaun is, dêrom wit net ien hoe’t it klonken hat.

Utstjoering: freed 9 july om 22.20 oere op NPO 2

In fol jazzwykein op NPO 2 ekstra en NPO Radio 2 Soul & Jazz
It North Sea Jazz Festival hat syn eigen plak ferwurven yn de skiednis fan de jazz. It is dêrom soer dat der ek dit jier gjin regulier festival holden wurde kin. De organisaasje hat lykwols net stilsitten en dêrom sil in lytse spesjale stedsedysje op 9, 10 en 11 july yn Rotterdam holden wurde. De NTR docht fan it festivalwykein ferslach fia NPO 2 ekstra en NPO Radio 2 Soul & Jazz.

It temakanaal NPO Radio 2 Soul & Jazz fersoarget op sneon 10 july in streekrjocht ferslach út it Rotterdamske Jazzcafé Bird wei, dêr’t fansels ek de bêste artysten optrede. Op moandei 12 july binne, fan 21.30 oere ôf op NPO 2 ekstra, ferskate optredens, in festivalferslach en fraachpetearen te sjen.

NPO 2 ekstra is te finen by Ziggo op kanaal 222, by KPN op kanaal 88 en fia www.npostart.nl/live/npo-2-extra.

juny 11, 2021 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.