Ynspiraasje-oersjoch Dielende Doarpen oerlange

maaie 2, 2021 08:51

‘Diel lekker.’ Under dat biedwurd waard freedtemoarn fiif ambassadeurs fan it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân it ynspiraasje-oersjoch Dielende Doarpen oanbean. Dat barde út namme fan de Fryske Miljeufederaasje (FMF) en Netwurk Duorsume Doarpen (NDD) fan Doarpswurk.

Foto: Fryske Miljeufederaasje

In ynspiraasje-oersjoch besteande út 24 dielkonsepten út de praktyk, foar doarpen, wiken en inisjatyfnimmers dy’t graach duorsume stappen sette wolle en sykje nei wurkjende foarbylden. De oanbieding wie yn in mienskiplike boutún yn oprjochting yn Akkrum-Nes. Tagelyk waard oan de ambassadeurs de oprop dien om dy duorsume ideeën yn harren netwurken te dielen. Om sa posityf by te dragen oan it stimulearjen fan projektoanfragen foar it Iepen Mienskipsfûns mei in wichtige sirkulêre komponint.

Sirkulêre ekonomy
Yn de provinsje Fryslân wurdt stevich ynset op de transysje nei in sirkulêre ekonomy. In ekonomy dêr’t we snoader en duorsumer yn mei ús grûnstoffen omgean. Wichtich, want op it stuit brûke we yn Nederlân trije kear safolle grûnstoffen as de ierde jierliks leverje kin. Wy tarre yn op de reserves fan de planeet. Minder bioferskaat, mear ûntbosking, boaiemeroazje en CO2-útstjit binne bygelyks gefolgen.

Meitsje it ferskil mei minder guod
Mei dielen, mar ek mei trochjaan, reparearjen, werbrûken, net fergriemen en minder keapjen fan guod en materialen falt in protte miljeuwinst te heljen. Guod stiet nammentlik op it earste plak as it giet om miljeubelesting fan ús deistich libben, mear noch as bygelyks ‘ferfier’ of ‘wenjen’. In moaie útdaging om yn eigen doarp en buert op te pakken en om bygelyks oan ’e slach te gean mei dielauto’s, weijouhoeken, ruilrûnten en guodbiblioteken. De Fryske Miljeufederaasje en Netwurk Duorsume Doarpen ynventarisearren foarbylden en begelaten in tal pilotdoarpen.

Anita Boer fan de tún yn Akkrum (foto: Fryske Miljeufederaasje)

Iepen Mienskipsfûns
Ut namme fan it Iepen Mienskipsfûns/Provinsje Fryslân namen Bareld van der Veen (Noardeast), Hilbrand Wijbenga (Noardwest), Aaltsje Osinga (Súdwest), Hennie Westra (Súdeast) en Tieneke Clevering (Provinsje) it oersjoch oan fan Lucie Gelderblom (NDD) en Monique Plantinga (FMF). Dat ûnder tasjend each fan gastfrou Anita Boer, inisjatyfnimmer fan de mienskiplike boutún Akkrum-Nes. It IMF is in fûns dêr’t provinsje Fryslân jild mei beskikber stelt om inisjativen fan ynwenners yn Fryslân fierder te helpen.

Webside: www.delendedorpen.nl

maaie 2, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.