Yn ’e finzenis sitte

maaie 9, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Mei in groepke dûmnys en harren partners besochten wy ris de âlde, Ljouwerter finzenis. Nei de pas-kontrôle foel de swiere doar efter ús yn it slot. In kollega dy’t dêr wurke, fertelde oer syn wurk en late ús rûn. Ien sel wie leech en ik gong deryn. As grap die in oppasser de doar op it slot. It wie in lytse romte en it rûkte der moassich. Allinne as men op it bêd stie, koe men wat dakken fan ’e stêd sjen. In plak om nachtmerjes fan te krijen.

De man dy’t it boek Iepenbiering skreau, wie oppakt en ferballe nei it eilân Patmos. As Nelson Mandela op it Robbe-eilân. It is om ende by it jier 96. Kristenen binne ferfolge troch keizer Nero (54-68). Benammen nei de brân fan Rome yn 64, dêr’t de kristenen de skuld fan krigen. Lykas Nero woe ek Domitianus (81-96) as ‘Hear en God’ fereare wurde. Kristenen dy’t dat wegeren, waarden deamakke of finzen set.

De skriuwer fan Iepenbiering is der wis fan dat it kwea him kolossaal manifestearje sil. Hy belibbet yn mominten fan ekstaze oangripende fisjoenen. Yn dy fisjoenen komme in soad bylden út it Earste Testamint foar. Hy moat hiele stikken yn ’e holle hân ha, ja hy koe it wol dreame. Yn 404 fersen sitearret er der 518 kear út; it meast út Ezechiël, Daniël, Sacharja en Jesaja.

St. Pancratiusbasilyk, Tubbergen

It earste fisjoen wie op in snein. De Geast kaam oer him en hy hearde in stim, sa lûd as in trompet. Dy stim sei: “Skriuw watst sjochst yn in boek en stjoer dat (as treast en bemoediging) nei de sân gemeenten.”
‘Sân’ dat is de totaliteit: alle gemeenten. Wy meie ús dêr ek by rekkenje. Foaral as it kwea foar master opslacht, sille rjochtfeardigen treast yn Iepenbiering fine. Yn ús libben is it iennige hâldfêst, dat God de Earste en de Lêste is.

Lêze: Iepenbiering 1:1-11 of Liet 513 (Gesang 1)

(Keunstners binne troch de iuwen hinne grepen troch Iepenbiering. Yn de St. Pancratiustsjerke fan Tubbergen binne 34 brânskildere glêzen fan Joep Nicolas út 1934; 8 dêrfan geane oer Iepenbiering.)

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 9, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.