Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 23 oant en mei 29 april 2021 

maaie 2, 2021 10:50

Yn de ôfrûne wike lei it tal nije koroanabesmettingen 10 persint leger as de wyks dêrfoar: 1353 (foarige wike 1499). Trochdat yn oare parten fan it lân in soad besmettingen binne, leit de druk op de sikehuzen yn Fryslân ek heech.

Allinne ûnder tritigers gie it tal besmettingen omheech. Yn ferpleech- en fersoargingshuzen binne de sifels stabyl. It effekt fan de ynintingen is goed te fernimmen: ûnder 75-plussers is it tal besmettingen sûnt it begjin fan dit jier mei sa’n 70 persint ôfnommen.

Sifers
Mei de 1353 positive testútslaggen fan ôfrûne wike binne no 38.848 ynwenners posityf test. By de GGD binne fjouwer stjergefallen meld (foarige wike ien). Santjin minsken moasten nei it sikehûs (foarige wike njoggen).

De gemeentlike sifers (tusken heakjes foarige wike)
Ljouwert 215 (202), Súdwest-Fryslân 162 (188), De Fryske Marren 126 (178), It Hearrenfean 119 (119),  Smellingerlân 115 (120), Noardeast-Fryslân 108 (130), Achtkarspelen 108 (65), Waadhoeke 85 (100), Tytsjerksteradiel 65 (66), Opsterlân 61 (63), Harns 51 (49), Weststellingwerf 50 (74), Eaststellingwerf 46 (90),  Dantumadiel 30 (34), It Amelân 6 (9), Skylge 4 (10), Flylân 2 (1) en Skiermûntseach 0 (1).

 

 

maaie 2, 2021 10:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.