Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 14 oant en mei 20 maaie 2021 

maaie 22, 2021 07:05 Fernijd

Foar de fjirde kear wie it tal nije koroanabesmettingen (921) leger as de wike derfoar (1129): 18%. It totaal tal posityf teste ynwenners komt dêrmei op 42.073. Hast 30.000 Friezen waarden by de GGD yninte: 4000 mear as yn de foarige wike.

Under de âlderein wie it tal besmettingen stabyl leech: yn de ferpleech- en fersoargingshuzen 22 en yn de thússoarch 8. Under fjirtigers en fyftigers sakke it net. In part is nei alle gedachten troch ynwenjende bern besmet. It tal posityf teste jongfolwoeksenen sakke wol fiks: fan 271 foarige wike nei 184 ôfrûne wike.
As gefolch fan korona diene har, krekt de foarige wike, trije tsjergefallen foar en trettjin minsken moasten yn it sikehûs opnommen wurde.

Gemeentlike sifers (tusken heakjes foarige wike)
Ljouwert 177 (228), Súdwest-Fryslân 143 (164), De Fryske Marren 108 (96), Weststellingwerf 79 (40), Waadhoeke 58 (71), Opsterlân 54 (80), Noardeast-Fryslân 51 (60), Smellingerlân 50 (88), It Hearrenfean 45 (74), Tytsjerksteradiel 44 (61),  Achtkarspelen 37 (62), Eaststellingwerf 28 (48), Dantumadiel 25 (27), Harns 15 (17), Flylân 5 (8), It Amelân 1 (3), Skylge 1 (2) en Skiermûntseach 0 (0).

 

maaie 22, 2021 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.