Wrâldwiid minder stamseldonoaren troch koroana

maaie 9, 2021 08:52 Fernijd

De koroanapandemy hat wrâldwiid grutte gefolgen foar it finen fan nije donoaren foar stamsellen. Yn totaal waarden ôfrûne jier 28 persint minder nije potinsjele donoaren registrearre yn stamseldatabanken as it jier derfoar. De teller bleau stykjen op 2,2 miljoen, wylst op goed trije miljoen rekkene wie.

Foto: Wikipedia (publyk domein)

Dat docht bliken út gegevens fan de World Marrow Donor Association (WMDA), dy’t gegevens út 61 lannen analysearre. De mindere groei is ûnder mear feroarsake trochdat der net fysyk socht wurde koe op bygelyks skoallen en universiteiten. En net yn alle lannen binne goede mooglikheden foar online donorregistraasje.

Minsken mei leukemy of in oare slimme bloedsykte kinne genêzen wurde tanksij sûne stamsellen fan in donor. Nije oanwaaks fan donoaren is wichtich, it makket de kâns grutter dat minsken dy’t in transplantaasje ûndergean moatte gaadlike stamsellen fine. As dy yn de eigen famylje net te finen binne, is de kâns dêrop minder as ien op 50.000.

Yn Nederlân rûn it tal nije donorregistraasjes net tebek, docht bliken út gegevens fan it Nederlânsk sintrum foar stamseldonoaren Matchis. Yn 2020 melden har sa’n 40.000 nije donoaren oan, in bytsje mear as yn it jier derfoar. Santich plende fysike aktiviteiten koene net trochgean, mar it finen fan donoaren bart yn Nederlân meast fia sosjale media. Yn guon lannen is dat oarsom.

Nettsjinsteande dat is in mindere groei fan it ynternasjonale bestân foar Nederlân ek ûnwinsklik. Op NPO 3 FM waard ôfrûne wike kampanje fierd om nije Nederlânske stamseldonoaren te finen.

maaie 9, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.