Wittenskippers: aerosolen spylje wichtige rol by besmetting koroanagoarre

maaie 5, 2021 08:57 Fernijd

Undersikers fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) binne fan betinken dat der mear rekken holden wurde moat mei aerosolen as besmettingsgefaar by Covid-19. Ut in protte modelstúdzjes docht bliken dat dy in wichtige rol spylje yn de pandemy.

Foto: pixabay.com

De wrâldsûnensorganisaasje WHO erkende ôfrûne freed ek de rol fan aerosolen. Aerosolen binne tige lytse dieltsjes dy’t minutenlang yn in romte hingjen bliuwe kinne. Elkenien produsearret aerosolen, mei hoastjen en prústen, mar ek troch te praten. Bonkiehurd bewiis foar de rol fan aerosolen bestiet net, sei Daniel Bonn fan de Universiteit fan Amsterdam moandei yn it programma Nieuwsuur. Mar hy seit dat in protte dingen kwantitatyf net te ferklearjen binne as men dy aerosolbesmetting net meinimt. Hy neamde praktykfoarbylden, lykas besmettingen by sjongkoaren of yn in restaurant yn Guangzhou, dêr’t ferline jier minsken de sykte skipen wylst se dochs ôfstân holden. Neffens Bonn is fentilearjen tige wichtich.

Bonn pleitet foar mear ûndersyk nei de fentilaasje fan beskate romten, lykas skoallen, sportskoallen, restaurants en fleantugen. It soarte fan mûlekapkes dat brûkt wurdt moat faaks ek oanpast wurde. De gewoane maskers en sjirurgyske maskers hâlde, as men útgiet fan aerosolen, eins net genôch tsjin. Dêrfoar is in FFP2-masker nedich. It ‘dûbele masker’, twa maskers oerinoar hinne, lykas guon Amerikanen al dogge, kin ek helpe. It iene masker wurket as filter foar de mûle, it oare soarget derfoar dat de rannen goed ôfsletten binne.

maaie 5, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Klimstra (Jabik Jans) maaie 6, 10:56

    Blaas mar ris jo asem bûten yn stilsteande lucht as it friest en sjoch dan ris hoe lang as de damp hingjen bliuwt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.