Wetterwenten ynstee fan apparteminten yn Houkepoarte Snits

maaie 23, 2021 08:40

Gemeente Súdwest-Fryslân hat it foarnimmen om yn Houkepoarte Snits wetterwenten te realisearjen ynstee fan in 25 meter heech appartemintegebou. Portefúljehâlder Mark de Man sil dêr op koarte termyn oer yn petear mei de bewenners fan de wyk.

Boarne: Gemeente Súdwest-Fryslân

Realisaasje apparteminten wurdt neat 
Yn it hjoeddeiske bestimmingsplan is in wentoer mei fyftjin apparteminten opnommen. De gemeente is ta de konklúzje kommen dat de realisaasje fan sa’n gebou net mooglik is. Troch it grutte oanbod fan apparteminten yn Snits en de relatyf hege ferkeapprizen fan de nije apparteminten yn Houkepoarte, is it de ûntwikkelder net slagge om foldwaande belangstelling foar de plannen te generearjen.

Eksperimintele wenningbou
De gemeente is dêrom oan ’e slach gien mei it meitsjen fan in foarstel foar eksperimintele wentebou yn ’e foarm fan wetterwenten. Dy populêre foarm fan wenjen past goed yn de wetterrike wenwyk en hat dêrneist folle minder effekt op de direkte omjouwing as in 25 meter heech appartemintegebou. Tink bygelyks oan it weifallen fan frij útsicht of it privacy-aspekt fan de omlizzende wenten. Arsjitekteburo INBO fan It Hearrenfean hat in earste ûntwerpskets makke fan de sân wetterwenten op de oarspronklike lokaasje fan it appartemintegebou.

Portefúljehâlder Mark de Man: “It bouwen fan eksperimintele wenten is tsjintwurdich tige populêr. Wy sjogge de mooglike komst fan de wetterwenten yn Houkepoarte dan ek as in weardefolle tafoeging oan ús wentefoarrie. De plannen komme boppedat temjitte oan ús ambysjes, nammentlik fleksibiliteit, sunich romtegebrûk, fernijing en duorsumens.”

Digitale bewennersgearkomste
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol graach witte hoe’t de bewenners fan Houkepoarte oer de plannen tinke. De wizigingsproseduere foar it bestimmingsplan mei pas yn gong set wurde as de foarnommen plannen mei harren bepraat binne. Mark de Man en projektmanager Frans Tolsma sille dêrom yn in digitale gearkomste mei de bewenners oer de plannen yn petear. Dy kinne de útnûging dêrfoar meikoarten op de doarmatte ferwachtsje.

maaie 23, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.