Wêrom’t it tsjuster bliuwe moat

maaie 30, 2021 08:41

De tsjusternis beleefber meitsje, dat is dêr’t it programma Tsjusterte fan it Waad foar stiet. Troch toeristen, bewenners en ûndernimmers de krêft, pracht en wearde fan tsjusterte ûnderfine en belibje te litten by de Waadkust lâns en op ’e Waadeilannen, wol it programma Tsjusterte fan it Waad de bewustwurding oer de needsaak fan it behâld fan de tsjusternis fergrutsje. Fan no ôf kin elkenien foar mear ynformaasje oer tsjusterte terjochte op www.donkertevandewadden.nl.

Foto: Visit Wadden

Nije webside Tsjusterte fan it Waad
Efter de skermen is mei de dielnimmende organisaasjes en Visit Wadden hurd wurke oan in nije webside, dêr’t elkenien no terjochte kin foar it yn ’e kunde kommen mei de tsjustertebelibbings- en kennisprojekten. De ynhâld wurdt de kommende tiid hieltyd fierder útboud, mei ûnder mear in aktiviteitekalinder, aktualiteiten en wittensweardichheden. Op www.donkertevandewadden.nl is it mei te belibjen.

Wêrom is tsjusterte belangryk?
Der is hieltyd mear bekend oer de rol dy’t in tsjustere nacht spilet yn it wolwêzen fan minske, bist en bioferskaat yn it algemien. Keunstljocht hat ynfloed op de sûnens fan de minske. It fersteurt de biologyske klok en soarget dêrtroch foar mear kâns op oandwaningen lykas obesitas, depresje en sliepsteurnissen. Net allinnich de minske is ôfhinklik fan ljocht, planten en bisten ek. Fûgelsoarten dy’t net witte wannear’t se migrearje moatte, ynsekten dy’t helpleas op lantearnepeallen ôffleane en skyldpodjongen dy’t net witte hoe’t se de oseaan fine moatte: it binne allegear gefolgen fan ljochtfersmoarging. Keunstljocht ûntwrichtet ekosystemen.

Tink dêrneist oan de stjerrehimel. Eartiids wiene der tûzenen stjerren oan ’e himel waar te nimmen, mar tsjintwurdich binne der yn in grutte stêd mar in hantsjefol te sjen. As der neat bart, ferdwynt de kearnkwaliteit tsjusterte en is oer fiifentweintich jier nearne yn Europa it Molkenpaad noch te sjen. Ien fan de pear plakken dêr’t tsjusterte noch echt te ûnderfinen is, is it Wrâlderfgoed Waadsee.

Tsjusterte fan it Waad makket tsjusternis beleefber
Mei it programma Tjusterte fan it Waad wurdt de tsjusternis as bysûndere kearnkwaliteit fan it Waadgebiet út ferskate ynfalshoeken wei tagonklik, sichtber en beleefber makke. Der ûntstiet de kommende jierren in string fan belibbingslokaasjes by de Waadkust del en op de Waadeilannen, dêr’t elkenien sels de nacht ûnderfine kin. It programma Tsjusterte fan it Waad wol mei de ûnderfining en belibbing fan de tsjusterte it duorsum toerisme yn it gebiet stimulearje.

Oer it programma Tsjusterte fan it Waad
Tsjusterte fan it Waad is in inisjatyf fan de trije noardlike Natuer- en Miljeufederaasjes (Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân), de Ryksuniversiteit Grins, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en de Waadferiening. It programma wurdt mei mooglik makke troch it Waadfûns, it Prins Bernhard Kultuerfûns en de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân.

maaie 30, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.