Waarpraatsje: Woansdei flinke buien

maaie 18, 2021 17:50

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei folle better waar as ferwachte wie. Yn ‘e sinne en út ‘e wyn fielde it wol noflik oan. Woansdei falle der wer flinke buien.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en op guon plakken kin it dampich wurde. De wyn komt út it súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt in graad as 5.

Woansdei soe it earst noch dampich wêze kinne, mar letter op ‘e dei falle der wer buien, miskien wol mei heil en tonger. Tsjin ‘e jûn knapt it waar wat op en lit de sinne him ek noch wol efkes sjen. De swakke oant matige wyn komt earst út it súdwesten, mar rommet letter op ‘e dei nei it westen oant noardwesten. It wurdt net folle waarmer as 14 graden.

Nei woansdei bliuwt it te kâld foar de tiid fan it jier. Oant yn ‘e simmermoanne helje wy de 20 graden net.

Jan Brinksma

maaie 18, 2021 17:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.