Waarpraatsje: Woansdei ek ritich en rûzich

maaie 4, 2021 20:37

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieminne tiisdei. De iene bui jage de oare en it gie der somtiden om wei. It waar foar woansdei sjocht der ek net al te bêst út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf en der kinne noch in pear buien falle, miskien wol mei heil en tonger. De westewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich en yn it Waadgebiet earst noch sa út en troch hurd mei kâns op swiere wynpûsten. It wurdt 5 graden.

Woansdei falle der ek noch in pear buien, miskien wol wer mei heil en tonger, mar de sinne is sa út en troch ek te sjen. Letter op ‘e dei knapt it waar wat op. De wyn komt út it westen en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich. Op de Waadeilânen en boppe de Waadsee stiet noch wat mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 9 graden.

Tongersdei en freed wurdt it wat rêstiger, mar it bliuwt ritich en te kâld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

maaie 4, 2021 20:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.