Waarpraatsje: Woansdei ek net drûch

maaie 25, 2021 18:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie wer in wiete ‘maitiidsdei’, mar letter op ‘e dei kaam de sinne der ek noch wol goed by. Woansdei bliuwt it ek net drûch.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn, mar der binne ek in pear opklearringen. Op guon plakken is in bui is net útsletten. By in matige súdwestewyn wurdt it 7 graden.

Woansdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf en der kin wer in bui falle. Letter rekket de loft berûn en set it op in reinen. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 12 graden.

Fan tongersdei ôf knapt it waar op. It wurdt drûger en mylder.

Jan Brinksma

maaie 25, 2021 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.