Waarpraatsje: Simmersk

maaie 30, 2021 19:23

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Hie de sinne it sneon yn Fryslân noch dreech, snein waard it in strieljende dei. It waar foar moandei sjocht der ek hiel goed út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder en op guon plakken kin it dampich wurde. Op oare plakken soe ek bewolking fan see kome kinne. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer tusken de 5 en 10 graden.

Moandei skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is swak oant match. It wurdt in graad as 20.

Tiisdei en woansdei feroaret der hast neat oan it simmerske waar.

Jan Brinksma

maaie 30, 2021 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.