Waarpraatsje: Rûge tiisdei

maaie 3, 2021 19:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part, skiere moandei wurdt it tiisdei earder hjerst as maitiid. Der falle buien en der stiet in soad wyn.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en reint it in skoft. De wyn komt út it suden oant súdwesten en boazet flink oan. By de kust lâns stiet in hurde oant stoarmige wyn en boppe it fêstelân wurdt de wyn frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Tiisdei is de loft ek berûn en der falle rûnom in soad buien. De wyn giet nei it westen oant súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. Der is ek kâns op swiere wynpûsten. Letter op ‘e dei jout de wyn him wer del. Mei 8 graden is it fiersten te kâld foar de tiid fan it jier.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ritich en fris mei sa út en troch wat sinne.

Jan Brinksma

maaie 3, 2021 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.