Waarpraatsje: Ritich

maaie 2, 2021 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Sa út en troch in pear mylde maitiidsdagen, dêr moatte wy it foarearst mei dwaan. It bliuwt yn ‘e nije wike ek ritich en te kâld foar de tiid fan it jier.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn, mar in opklearring is net útsletten en op guon plakken kin in bui falle. De wyn giet fan it suden nei it súdwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Moandei is de loft berûn, mar der is sa út en troch ek in glimp fan de sinne. Letter op ‘e dei kinne der in pear buien falle. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Tiisdei wurdt in wiete dei mei in hiel soad wyn en kâns op swiere wynpûsten.

Jan Brinksma

maaie 2, 2021 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.