Waarpraatsje: Gjin drûge dei

maaie 17, 2021 19:08

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is wiet en it bliuwt wiet. Der sit foarearst gjin drûge dei oan te kommen en waarm waar wurdt it yn dizze blommemoanne ek net mear.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en by in swakke westewyn wurdt it 7 graden.

Tiisdei sille wy wis wol in glimp fan de sinne sjen, mar der falle ek wer in pear buien. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. De temperatuer hâld mei 13 graden net oer. Gewoanwei is it yn dizze tiid fan it jier in graad as 16.

De oare dagen fan dizze wike feroaret der net folle.

Jan Brinksma

maaie 17, 2021 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.