Waarpraatsje: Freed sa goed as drûch

maaie 6, 2021 18:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear (tige) ritige dagen sjocht it waar der foar freed net al te min út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed falle der earst noch in pear buien, mar letter klearret it (wat) op en dan kin der op guon plakken ek damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige noardwestewyn. De temperatuer leit tusken de 1 en 4 graden.

Freed skynt de sinne geregeld, mar der is ek wol bewolking. It bliuwt op de measte plakken, sa goed as, drûch. De westewyn boazet wat oan en wurdt matich, by de noardlike kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad as 10.

Yn it wykein wurdt it mylder. Sneon sil it 13 graden wêze en snein miskien wol 20, mar it bliuwt op beide dagen net drûch.

Jan Brinksma

maaie 6, 2021 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.