Waarpraatsje: Einepikewaar

maaie 28, 2021 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat hiel lang duorre, mar it wurdt dan lang om let doch maitiidswaar en ek wat langer as in pear dagen. Wy krije in drûch wykein mei in noflike temperatuer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon kin it earst wat dampich wurde en letter is (wat) bewolking ek net hielendal útsletten. By in swakke wyn út rjochtingen tusken it noarden en noardeasten wurdt it in graad as 4, mar op plakken mei bewolking 7.

Sneon soe it earst wat dampich en bewolke wêze kinne, mar letter skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is matich, yn ‘e jûn swak. De temperatuer leit tusken de 13 en 17 graden.

Snein feroaret der hast neat oan it stabile waar. De sinne skynt hast de hiele dei en by in matige noarde- oant noardeastewyn wurdt it tusken de 15 en 19 graden.

Nije wike bliuwt it ek drûch en it wurdt noch wat waarmer.

Jan Brinksma

maaie 28, 2021 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.