Utrikking Libris Literatuerpriis by ‘Nieuwsuur’

maaie 6, 2021 08:48

Op moandeitejûn 10 maaie makket sjueryfoarsitter Lilianne Ploumen yn Nieuwsuur de winner fan de Libris Literatuerpriis 2021 bekend. Dat docht se streekrjocht út Felix Meritis yn Amsterdam wei.

Ofbylding: NTR/NOS

De nominearre skriuwers komme earst oan it wurd yn in reportaazje. Dêrnei skeakelet Nieuwsuur streekrjocht oer nei it bekendmeitsjen fan de winner. Oan ’e ein fan de útstjoering praat presintator Mariëlle Tweebeeke yn de studio yn Hilversum mei de winner.

De nominearre kandidaten fan 2021 binne:

Simone Atangana Bekono – Confrontaties
Gerda Blees – Wij zijn licht
Merijn de Boer – De saamhorigheidsgroep
Jeroen Brouwers – Cliënt E. Busken
Erwin Mortier – De onbevlekte
Marieke Lucas Rijneveld – Mijn lieve gunsteling

De winner ûntfangt 50.000 euro en in brûnzen lispinning ûntwurpen troch Irma Boom.

Ferline jier wûn Sander Kollaard de Libris Literatuerpriis foar Uit het leven van een hond.

Nieuwsuur (NTR/NOS)
Utstjoering: moandei 10 maaie 2021, 22.00 uur, NPO 2
Presintaasje: Mariëlle Tweebeeke

maaie 6, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.