Tydlike buorden perioade 1940-1945 yn Frjentsjer delset

maaie 4, 2021 08:50

Yn Frjentsjer steane fan 4 maaie ôf op seis lokaasjes buorden mei ynformaasje út de perioade 1940-1945.

Boarne: Gemeente Waadhoeke

De buorden litte ynformaasje en foto’s sjen fan barrens yn Frjentsjer yn de Twadde Wrâldoarloch. It giet dan om de eardere Joadske skoalle oan de Harnzerstrjitwei, de bommen op Saakstra’s Brêge en de bomskea oan it Noard. Der is ek omtinken foar de saneamde Oranje PC fan 1942, de GGZ yn oarlochstiid en in fotokollaazje fan de befrijing fan Frjentsjer op 15 april 1945.

De buorden wiene yn earste ynstânsje ûntwurpen foar de fiering fan 75 jier frijheid yn 2020, dy’t oergie, mar wurde no mei de tafoeging 75 +1 jier frijheid dochs noch toand.

Boarne: Gemeente Waadhoeke

maaie 4, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.