Tsien lannen troch nei finale Eurofyzje Sjongfestival

maaie 19, 2021 08:49

Noarwegen, Israel, Ruslân, Azerbeidzjan, Malta, Litouwen, Syprus, Sweden, België en Oekraïne binne troch nei de finale fan it Eurofyzje Sjongfestival dy’t no sneon holden wurdt.

Byld fan in eardere edysje (foto: Wikimedia Commons/iSani – CC BY-SA 2.0)

De heale finale fan it Eurofyzje Sjongfestival 2021 wie tiisdeitejûn yn Ahoy Rotterdam. Sechtjin lannen treden op, tsien binne der troch nei de finale. Yn ’e finale sil ek de Nederlânske ynstjoering Jeangu Macrooy optrede.

Yn totaal dogge 39 lannen mei oan it Sjongfestival, ferdield oer de twa heale finales en de finale. Eins soene ek Wyt-Ruslân en Armenië meidwaan. Mar Wyt-Ruslân is diskwalifisearre, mei’t se twa kear in ferske oanleveren dat net oan de rjochtlinen fan it sjongfestival foldie, neffens de organisaasje.

Armenië hat sels besletten om net mei te dwaan. De seleksjekommisje fan dat lân sei dat it ûnmooglik wêze soe om foar ein maart in nûmer en artyst te kiezen.

It Sjongfestival is in Fieldlab-evenemint. Dat betsjut dat it publyk him foarôf op koroana teste litte moat. By de heale finale fan juster, dy fan moarn en de finale fan sneon meie hieltyd 3.500 besikers oanwêzich wêze. Alle edysjes binne útferkocht.

maaie 19, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.