Tribune yn synagoge Westlike Jordaanoere stoart yn

maaie 17, 2021 09:51

Yn in synagoge yn in delsetting fan Joadske kolonisten by Jeruzalem is in tribune ynstoart. Neffens rêdingswurkers binne 167 minsken ferwûne rekke, fan wa’t der fiif min oan ta binne. Der binne ek twa deaden fallen: in fjirtichjierrige man en in tolvejierrige jonge.

Foto: pixabay.com

De Israelyske rêdingstsjinst hat tsientallen sikeauto’s nei de synagoge op de westkant fan de Jordaan stjoerd, sadat de ferwûnen fersoarge wurde kinne. Sikehuzen yn ’e omkriten moatte bêden beskikber meitsje foar de slachtoffers.

It ynsidint barde yn de Joadske delsetting Givat Ze’ev, benoarden Jeruzalem. It wie ekstra drok yn ’e synagoge fanwege Shavuot, in joadske feestdei. Dy deis wurdt betocht dat God de Tora oan it joadske folk oerlange. Shavuot wurdt krekt sân wike nei Pesach fierd. Der soene goed seishûnder leauwigen oanwêzich west ha.

Neffens Israelyske media waard de synagoge ferboud en waard it gebou spesjaal fanwege de fiering wer iepene. De boargemaster fan Givat Ze’ev seit dat de lokale plysje fersomme hat om yn te gripen yn de fierstente folle synagoge. It ynsidint barde flak nei in grut ûngelok by de fiering fan it joadske feest Lag Baomer op de Meronberch yn it noarden fan it lân. Dêr kamen ein april 45 Israeliërs om it libben troch ferdrukking, mei’t der mear leauwigen op it feest wiene as tastien wie.

De ynstoarting by Jeruzalem liket los te stean fan de resinte spanningen tusken Israel en de Palestynske gebieten. De helptsjinsten sizze wol mei klam dat se tagelyk de hannen fol hawwe oan it ôfwarren fan raketten dy’t op Israel ôffjurre wurde. Premier Netanyahu seit yn in ferklearring te bidden foar de slachtoffers.

maaie 17, 2021 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.