Thomas Dijkstra

maaie 11, 2021 20:00

Understeand artikel waard – ta gelegenheid fan de keninklike ûnderskieding dy’t Tom Dykstra fan Itens krige – op 11 maaie 2021 publisearre yn Op ’e Skille, hûs-oan-hûsblêd foar de Greidhoeke.

It sil in jier of fyftjin lyn wêze dat ik yn ’e kunde kaam mei Tom Dijkstra. Ik wie doedestiids foarsitter fan it Pedagogysk wurkferbân fan de Fryske Akademy. Yn gearwurking mei Renze Valk en Jabik van der Bij fan de Ried fan de Fryske Beweging, Tom Dijkstra en Sytze Hiemstra fan de FFU (de Feriening Frysk Underwiis) en Reinier Salverda as direkteur fan de Fryske Akademy hawwe wy doe mear as in jier wurke oan in “Oanfalsplan Frysk”. Dat late ta in grutte konferinsje op 29 oktober 2008 yn de Fryske Akademy, dêr’t hast elkenien dy’t wat mei it Frysk te krijen hie syn of har sechje dwaan koe. Tom wie doe en is noch foarsitter fan de FFU. Hy wie al jierren dwaande om it Frysk in bettere posysje te jaan.

Yn july 2017 kaam de lêste Swingel. Dat wie it tydskrift fan de Ried fan de Fryske Beweging. Tom hat der mear as ienris weardefolle bydragen oan levere. It mei dúdlik wêze dat wy dêrom graach stipe joegen oan Tom syn lintsje. Mar wy moatte net de gelegenheid foarby gean litte om himsels it wurd te jaan. Hjirby in tal sitaten út syn publikaasjes fan de lêste jierren.

Pier Bergsma, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
Hurdegaryp, 2 maaie 2021

 

As foarsitter fan de Stichting Slach by Warns

Meitinkers en helpers frege foar de ‘Mienskipsdei’ 2019
Yn 2018 krige de betinking fan de Slach by Warns in nij jaske: in mienskipsdei. Dat paste alhiel yn it ramt fan de aktiviteiten fan dat jier. Yn stee fan it oanjaan fan tsjinstellingen tusken groepen op kultureel mêd waard ferbining socht. Ferbining tusken minsken yn Fryslân mei as doel it fan wjerskanten respektearjen fan taal- en kultuerferskillen. Yn sa’n klimaat hoecht it Frysk net ta weismiten keard te wêzen en is der besef fan ferantwurdlikens foar in mienskip mei eigen kulturele wearde, is it stiftingsbestjoer fan betinken.

De organisaasje wol dêr in tradysje fan meitsje en siket no om kreative meitinkers en helpers mei ideeën om de hjoeddeiske mienskip mei al syn ferskillen yn taal en kultuer dôchs in mienskip wêze te litten.

 

As meiwurker oan digitale krante It Nijs

Wat is it belang fan (goed) Frysk lêze kinne?
Yn it foarste plak kriget de Fryske mienskip dan tagong ta de Fryske ‘boekekast’ en de eigen kultuer. It wurk fan Fryske skriuwers, dichters en oare bydragen kinne dan yn de eigen taal lêzen wurde. Op dit stuit stiet it produktive wurk fan skriuwers en wittenskippers ûnder druk troch (te) lytse oplagen en hat de frisistyk te min perspektyf.

Twads is it geregeld lêzen fan ynformaasje yn jins eigen taal fan grut belang foar it ûnderhâld en ûntwikkeljen fan it Frysk taalgebrûk: it wurket suverjend en bringt de lêzer yn kontakt mei de taalrykdom fan it Frysk. Heechlearaar Frysk Goffe Jensma: “Sûnder besef fan it skreaune Frysk ûntstiet by de Fryskprater wat taalkundigen neame ‘linguistic insecurity’: taaltwivel.” Harren Frysk ferearmet en om al wis te wêzen wurdt dan maklik op it Hollânsk oerstapt.

Foar net-Frysktaligen is it ek wichtich om it Frysk op skrift yn Fryslân neikomme te kinnen. As dat net sa is, dan wurdt it skriftlik brûken fan it Frysk yn kranten, publikaasjes, ensfh. feitlik ûnmooglik makke. Dûbeldtaligens (alles yn beide talen) is likemin in strukturele oplossing: it jout gâns ekstra wurk en ferheget de produksjekosten.

 

As foarsitter fan de Feriening Frysk

De koroanakrisis is noch mar in pear wike âld as de Onderwijsraad (it heechste advyskolleezje fan de Nederlânske oerheid) warskôget foar efterstannen fan guon learlingen yn harren skoalkarriêre. De minister tinkt ek al oan it ynsetten fan miljoenen om dat te ferhelpen, in simmerskoalle wurdt neamd. It giet dan lykwols benammen oer de ‘kearnfakken’ rekkenjen en taal (‘Nederlandse taal’ wol te ferstean). Tichter by hûs lês ik in ferslach fan in trijetalige skoalle oer hoe’t dêr no digitaal ûnderwiis jûn wurdt. Fakken as Frysk, Ingelsk en fakken lykas ierdrykskunde binne foarearst skrast. Al wer wurde rekkenjen en ‘taal’ (Hollânsk) sintraal set. It bringt my ta de fraach oft der yn ús provinsje no ek maatregels nommen wurde om te soargjen dat it firus de posysje fan it Frysk net ûnderút hellet.

maaie 11, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.