Taalfilmke #13: Sykje de flater

maaie 4, 2021 15:00 Fernijd

By Omrop Fryslân wie yn 2012 in rige minyprogramma’s oer it Frysk te sjen, makke yn gearwurking mei Praat mar Frysk. Taalkenner Henk Wolf en presintator Brecht Wassenaar gean de dyk op mei in apart wurd of nijsgjirrige taalfraach dêr’t men thús ek oan meidwaan kin. Besjoch de filmkes op It Nijs!

Sykje de flater: ‘De skieppen en de geiten rinne yn it lân.’

maaie 4, 2021 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jelle Hofstra maaie 5, 13:29

    It blieuwt it skiep

  2. Arjen Dykstra maaie 9, 12:59

    Jo hawwe hielendal gelyk Hofstra.
    Mar it is ek “de skiep”.

    Ien skiep
    Twa skiep, Trije skiep,…, tûzen skiep. It mearfâld is by skiep gelyk oan it inkelfâld. Sels at it swarte skiep binne.

  3. mbc84 maaie 12, 18:49

    Ea witten dat oant sa 1800 hinne it meartal fan ‘foet’ ‘fiet/feet’ en fan ‘goes’ ‘gies/gees’ wie? Lyksa as no noch yn it Ingelsk it is. Lykwols fûn yn de 19de iuw de nij Fryske brekking plak en makken wy fan ‘foet’ ‘fuotten’ en ‘goes’ ‘guozzen’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.