Switserlân kriget syn nocht fan de EU

maaie 28, 2021 11:26

De grinzen nei Switserlân sille net ticht gean en de horloazjes, tsiis en sûkelarje út it Alpelân sille ek net út de Fryske supermerken ferdwine, mar de ferhâlding tusken de Europeeske Uny en Switserlân sil de kommende jierren al feroarje. It Switserske regear hat de ûnderhannelings oer in nije gearwurkingsoerienkomst nammentlik ôfbrutsen.

Switserlân is gjin lid fan de EU, mar foarmet wol in eilân tusken de EU-lidsteaten. Switserlân hat him dêrom yn mear as 120 ferdraggen op allegear mêden oan de Europeeske regels oanpast. Sa wurdt it ûnderlinge ferkear fan minsken en fan guod maklik. It is de Switsers lykwols in stikel yn ’e foet dat Brussel hieltyd mear ynfloed hawwe wol op ’e Switserske polityk. Sa wolle hja net dat EU-boargers yn Switserlân mear rjochten krije of dat it Europeeske hof fan justysje boppe de Switserske rjochters komt te stean.

It Switserske regear wol net dat Brussel it lân as lidsteat fan de EU beskôget. “Wy wolle dat Switserlân deselde behanneling kriget as oare lannen bûten de EU”, seit de Switserske minister fan útlânske saken Ignazio Cassis.

Ferline wike is it ferdrach tusken Switserlân en de EU oer it ûnderling ferhanneljen fan medyske apparatuer ôfrûn. Dêrtroch binne keuringssertifikaten fan sokke apparatuer út Switserlân net langer jildich yn EU-lannen en oarsom. Ferlykbere swierrichheden yn oare sektoaren binne op kommendewei, as der gjin gearwurkingsoerienkomst sletten wurdt. Op it stuit wegeret de Europeese Kommisje om spesifike nije ferdraggen mei Switserlân te sluten, de Kommisje wol allinnich ien grutte oerienkomst dêr’t alle gearwurking yn regele wurdt. As Switserlân dat net wol, wurdt it lân benammen sels it slachtoffer, is it Europeeske stânpunt. Switserlân wol krekt ‘respekt’ fan Brussel.

maaie 28, 2021 11:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.