Swarte klassike komponisten yn nije podcast ‘Gemiste Sterren’
Resint ferskynd
- ‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère 0
- Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
Yn de seisdielige podcastsearje Gemiste Sterren gean presintator Floris Kortie (bekend fan Podium Witteman) en Orville Breeveld (kenner fan klassike muzyk) op syk nei ûnterjochte fergetten swarte komponisten yn de klassike muzyk.
Wêrom ha we amper fan harren heard? Soene se net in plak fertsjinje tusken de bekende nammen as Mahler en Stravinsky op it balkon fan it Konsertgebou? Dy fragen leit Floris eltse ôflevering foar oan ferskate gasten lykas Kevin John Edusei en pianiste Djuwa Mroivilli. Konsertgeboudirekteur Simon Reinink mei de fraach beäntwurdzje oft er it net tiid fynt foar in nije namme yn de komponistegalerij fan it Konsertgebou.
De podcast Gemiste Sterren is fan 6 maaie te beharkjen fia nporadio4.nl en yn jo favorite podcast-app.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje