Swalkje mei yn de natuer mei ‘De Maitiidsswalker’

maaie 8, 2021 08:51

Hoe goed sjogge minsken nei de natuer? No, mei it thúswurkjen, geane se grif faker in slach om, mar binne se har dan ek bewust fan wat der om har hinne bart? Yn de nije searje fan Omrop Fryslân De Maitiidsswalker giet Remco de Vries de natuer yn op syk nei de maitiidsmerakels fan Fryslân. Hokker planten, blommen en bisten binne der just allinne yn dizze tiid te finen? Hoe bysûnder is dizze tiid foar de natuer en hoe jouwe wy dat troch oan de folgjende generaasje? De Maitiidsswalker is fan 10 maaie ôf moandeis te sjen by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

It falt miskien net fuortendaliks op, mar it giet min mei de natuer. Mei de nije searje wol Omrop Fryslân sjen litte hoe bysûnder oft de floara en de fauna yn Fryslân binne. “Wy wolle minsken der bewust fan meitsje troch sjen te litten hoe moai dat is wat wy noch oan natuer hawwe en fansels troch dat ferhaal te fertellen mei humor, muzyk en in toan dy’t it ek mooglik makket om suver boartlik de djipte yn te gean”, seit programmamakker Remco de Vries.

“Yn dizze tiid moatte we minsken net fertelle wat wol en net kin”, follet einredakteur Janjelle Ringnalda oan. “We wolle just sjen litte hoe’t it ek kin en hoe moai oft it is, sadat minsken it mear wurdearje sille.”

Yn de searje sil De Vries mei in ekspert de natuer yn, op syk nei de bysûnderheden fan ús lânskip. Sa komt er ek op plakken dêr’t gewoanwei gjin minsken komme meie. Dêrnjonken giet er yn petear mei de belutsenen fan dy gebieten.

De Maitiidsswalker is fan moandei 10 maaie ôf om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.

maaie 8, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.