Dokkumer stoflike rêsten út midsiuwen opnij begroeven

maaie 29, 2021 08:46

Op tongersdei 27 maaie binne troch de gemeente Noardeast-Fryslân op it Suderbolwurk yn Dokkum minsklike rêsten út de Midsiuwen opnij begroeven. De stoflike rêsten kamen oan it ljocht by graafwurksumheden oan De Merk yn 2017 oant mids 2018 yn Dokkum. De Merk is oanwiisd as beskerme archeologysk ryksmonumint mei’t ûnder de hjoeddeiske Merk noch rêsten fan in kleaster mei abdijtsjerke en toer lizze. De grûn is ek iuwenlang as begraafplak brûkt.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

By in koarte plechtichheid yn oanwêzigens fan ûnder oaren boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân, meiwurkers fan MUG Yngenieursburo en fertsjintwurdigers fan histoaryske ferieningen út de regio is in hast folslein bonkerak yn de autentike kiste beïerdige. En der binne yn twa pas oanbrochte grêfkelders ferskate bonken yn in bonkegrêf byset. Stienhouwerij Hutting yn Ljouwert hat spesjaal in stien makke mei dêrop in gedicht fan Dirk Rafaëlssoan Camphuysen dy’t op itselde begraafplak leit. De dielen fan grêfstiennen dy’t de op de Merk fûn binne, binne brûkt yn in mozayk op de dekplaat.

It folsleine skelet is troch saakkundigen ûndersocht. It blykt te gean om in frou fan 56-61 jier. Hja wie likernôch 1,61 grut en hie in protte lichaamlike brekmen. Dy wiene foar in part it gefolch fan de minne hygiënyske omstannichheden út dy tiid en minne fieding. Gemeentlik dichter Geart Tigchelaar skreau spesjaal foar de gelegenheid in gedicht: ‘Salang’t de wyn’. Tigchelaar droech dat by de plechtichheid foar.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

Begraafplak Suderbolwurk
It bonkerak en de bonkerêsten wurde begroeven op it begraafplak oan it Suderbolwurk yn Dokkum. Doe’t der tsjin de ein fan de achttjinde iuw mear ynsjoch kaam yn it belang fan hygiëne as it om begraven gie, waard úteinlik net mear yn de tsjerke begroeven, lykas earst wenstich wie. Yn 1830 waard it begraafplak oan De Merk tichtmakke en fan befluorring foarsjoen. Der waard nei in begraafplak bûten de stêd socht. Dat waard úteinlik oan it Suderbolwurk. Yn 1833 waard it begraafplak ophege mei grûn dy’t fan de wâlen besiden de Aalsumerpoarte en de Grutte Dwinger kaam. Sawol lofts as rjochts fan it middenpaad waarden goed 500 grêven úttekene. Der binne doe ek 160 beammen op de bolwurken en om de dwingers hinne plante.

Yn 1981 waard dat begraafplak renovearre en waarden âlde en stikkene grêfstiennen romme. De grêfstiennen dy’t no noch oanwêzich binne, stean meastal net mear boppe de plakken dêr’t de persoanen dy’t derop fermeld stean begroeven waarden. Op it rjochter part wiene eartiids – noch folle mear – grêven fan foaral earmere Dokkumers mei houten krusen. Dy grêven binne no ferdwûn.

Mochten der yn ’e takomst by graafwurksumheden om de Merk of earne oars yn ’e stêd mear bonkerêsten fûn wurde, dan sille dy yn ’e grêfkelders op it begraafplak oan it Suderbolwurk lein wurde.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

maaie 29, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.