Bywurke: Identiteit deade yn Dokkumer Ie fêststeld

maaie 3, 2021 08:46

Foto: Plysje Nederlân

De plysje hat snein in deade persoan oantroffen yn de Dokkumer Ie, tusken Lekkum en Wyns. Der is noch neat bekend oer de deadsoarsaak. Dêr docht de plysje ûndersyk nei.

De Dokkumer Ie wie snein ticht by Jelsum. Boatsjefarders moasten wachtsje. Minsken fan de Forinsyske Opspoaring hawwe ûndersyk dien op it plak dêr’t it lichem fûn is. De identiteit fan it slachtoffer is noch net fêststeld.

Bywurke 10.30 oere: De identiteit fan de persoan dy’t libbenleas yn it wetter fan de Dokkumer Ie fûn is, is fêststeld. It giet om in 34-jierrige man út Ljouwert dy’t sûnt freed 23 april mist waard. De plysje slút in misdriuw út.

maaie 3, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.