Tal learlingen fan in learaar it meast yn Fryslân ôfnommen

maaie 29, 2021 09:29

Yn Fryslân is it trochsneed tal learlingen fan in basisskoallelearaar yn fiif jier mei sân persint tebekrûn. Sa slim wie it yn oare provinsjes net. Op lanlik nivo is it trochsneed tal learlingen fan in learaar mei 3,2 persint ôfnommen. Dat en mear docht bliken út it ûndersyk fan online opliedingsynstitút Laudius nei de learling-learaarrasjo, op basis fan de resintste data fan DUO.

Foto: pixabay.com

De ferhâlding tusken it tal learlingen de learaar wurdt ek wol de learling-learaarrasjo neamd, nei ratio = reedlikheid). Neffens de resintste data jout in Nederlânske basisskoallelearaar les oan yn trochsneed 18,1 learlingen. Yn Fryslân leit dat trochsneed leger, op 17,7 learlingen de dosint.

Learling-learaarrasjo rint it sterkst tebek op Skiermûntseach
Yn de provinsje rûn de learling-learaarrasjo it sterkst tebek yn de gemeente Skiermûntseach. It tal learlingen fan in basisskoallelearaar naam dêr mei mear leafst 60,7 persint ôf. Op Flylân (-27,4 persint) en yn It Hearrenfean (-15,4 persint) wie der ek in sterke ôfname.

Allinnich yn de gemeente Noardeast-Fryslân naam it tal learlingen fan in dosint just ta. Dêr is de druk op leararen mei 1,4 persint tanommen.

Measte learlingen yn Dantumadiel en Ljouwert
Leararen hawwe it it drokst yn de gemeente Dantumadiel. Dêr jouwe dosinten oan yn trochsneed 19,7 basisskoallelearlingen les. Yn de gemeenten Ljouwert (18,9 learlingen) en Eaststellingwerf (18,6) hawwe leararen yn trochsneed ek in protte bern yn ’e klasse. Dosinten yn de gemeente Flylân jouwe oan it minste tal bern les: yn trochsneed alve.

De learling-learaarrasjo yn de Fryske gemeente is hjir te finen.

Mear learlingen yn grutte stêden
Yn de trije grutte stêden naam de learling-learaarrasjo yn deselde perioade ta: nammentlik mei 7,1 persint yn Amsterdam en 9 persint yn Rotterdam. Yn De Haach stige de learling-learaarrasjo it sterkst mei 9,1 persint.

maaie 29, 2021 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.