Stêd fan frede (fers)

maaie 29, 2021 09:30 Fernijd

Stêd fan frede

Foto: pixabay.com

Jeruzalem de stêd fan frede
foar Joad en Palestyn
dy frede is no fier te sykjen
dat is al lang ferlyn.

refr:
Jeruzalem stêd fan striid
fan bruorrehaat en ûnferstân
yn helten dield troch hege muorre
brekt leafd’ en minskebân.

Gjin plak foar minsken om te wenjen
gjin blide bernestim
altyd wer eangst en ûnbegripen
dat ‘s no Jeruzalem.

refr:

Der is gjin tafel om te iten
gjin grûn om op te stean
de minsk fergetten en ferlitten
kin nearne hinnegean.

refr:

Der is in wrâld echt sûnder grinzen
de minsken binn’ gelyk
elk is dêr wolkom, dêr is ‘t frede
‘t beloofde himelsk ryk.

refr:

Dêr is gjin striid mear tusken minsken
jou dan elkoar de hân
befrijd fan striid en all’ oergeunsten
in ivich Fredelân.

Reinder Posthuma
jan. 2020

maaie 29, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.