Start oersjochsútstalling keunstner Jentsje Popma opskood nei 15 juny

maaie 29, 2021 10:13

De iepening fan de útstalling mei wurk fan keunstner Jentsje Popma (1921) dêr’t ek it boek oer libben en wurk fan Popma by presintearre wurdt, wurdt holden op sneon 12 juny, twa wike letter troch de koroanamaatregels. De útstalling yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert is iepen foar publyk fan tiisdei 15 juny oant en mei 2 oktober 2021.

Jentsje Popma yn syn atelier (boarne: Stifting Nijkleaster)

Iepening online te folgjen
De iepening en boekpresintaasje binne yn besletten rûnte, alhiel neffens de koroanamaatregels. De organisaasje fynt dat tige spitich, want dy seach der al nei út dat de iepening in feest foar in protte minsken wêze soe. De feestlike gearkomste is dan no op 12 juny fan 15.00 oere ôf wol foar elkenien fia YouTube te folgjen.

Jan Henk Hamoen sil as einredakteur it boek Jentsje Popma, kunstenaar met een missie presintearje en de earste eksimplaren oerlangje oan Jentsje Popma en wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert. De wethâlder iepenet dêrnei de útstallng. Tuskentroch is der muzyk troch Janna van der Honing en Herman Woltman mei lieten ynspirearre op it wurk fan Jentsje Popma.

Sjoch op websiden foar aktuele ynformaasje
Troch koroana kinne saken samar feroarje en it kin ek barre dat de útstalling yn de Grutte Tsjerke in dei net besite wurde kin troch bygelyks in útfeartsjinst. De aktuele situaasje is te finen op de websiden fan de Grutte Tsjerke: www.jacobijner.nl, www.grotekerkleeuwarden.nl en www.kunstindegrotekerkleeuwarden.nl en op de webside fan Nijkleaster: www.nijkleaster.frl.

Nijkleaster en Jentsje Popma
Stifting Nijkleaster yn Jorwert jout dit jier bysûnder omtinken oan Jentsje Popma, de Ljouwerter skilder, glesker en byldhouwer, dy’t op 30 septimber hûndert jier hopet te wurden. Nijkleaster, dat in protte oan Popma te tankjen hat, earet de keunstner yn dit jubileumjier mei in boek oer syn libben en wurk én in oersjochsútstalling yn de Grutte of Jakobiner Tsjerke yn Ljouwert.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 11 april 2021.

maaie 29, 2021 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.