Sprekkers Welsk foarmje “minsklike daam” tsjin tefolle Ingelske huzekeapers

maaie 23, 2021 20:56

Yn Noard-Nederlân is ûnrêst ûntstien oer regearingsplannen foar grutskalige huzebou foar minsken út de Rânestêd. Dêrtroch kin nammentlik lânskip, mienskip, taal en kultuer oantaast wurde. Yn Wales bestiet dat probleem al en dêr hawwe Welshmen noed oer. Taalorganisaasje Cymdeithas yr Iaith ropt minsken yn Wales dêrom op om in “minsklike daam” te foarmjen as protest tsjin it besteande oerheidsbelied.

Rike minsken út Ingelân keapje al jierren huzen yn Wales op. Faak wenje se der net, mar ferhiere se se of brûke se se sels as fakânsjehûs. Welske doarpen wurde dêrtroch spûkdoarpen of hawwe hieltyd wikseljende tydlike ynwenners. Tagelyk is der foar de Welske jongerein gjin plak mear: hja kinne de hûzen net betelje.

Cydeithas yr Iaith pleitet al tsientallen jierren foar in wet dy’t soks ûnmooglik makket. Sa soenen pleatslike bewenners foarrang krije moatte op ‘e huzemerk, soenen gemeenten sels in wenningpolityk fiere meie, soe der in belesting ynfierd wurde op twadde huzen en soenen minsken dy’t har hûs trochferhiere wolle oan oaren dêr in fergunning foar hawwe moatte.

De taalorganisaasje wiist derop dat it Welsk allinne oerlibje kin as der sterke Welsktalige mienskippen binne. Dêrfoar is in goede doarpsstruktuer nedich en moat de jongerein yn Wales bliuwe kinne.

De “minsklike daam” wurdt op 10 july foarme by it plak Bala. Der sil muzyk wêze fan de Welske folksjonger Dafydd Iwan en taalbewegers Delyth Jewell en Branwen Nicolas sille de dielnimmers tasprekke.

maaie 23, 2021 20:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.