SpaceX-astronauten binne feilich oankommen yn Golf fan Meksiko

maaie 3, 2021 08:56

De fjouwer astronauten fan Crew-1, dy’t in healjier op it ynternasjonale romtestasjon ISS taholden, binne snein feilich oankommen yn de Golf fan Meksiko. De kapsule kaam om 9.00 oere (Nederlânske tiid) foar de kust fan Floarida yn see terjochte.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

De Amerikanen Michael Hopkins, Victor Glover en Shanen Walker en harren Japanske kollega Soichi Noguchi wiene yn totaal 6,5 oere ûnderweis. It wie eins de bedoeling dat se woansdei thúskomme soene, mar fanwege min waar moast de weromreis útsteld wurde.

De astronauten binne yn it tsjuster delkommen. De lâning waard mei help fan ynfrareadkamera’s fêstlein. Nei’t de astronauten oppikt wiene troch in boat fan SpaceX, kamen se mei in helikopter oan lân. Dêrnei waarden de astronauten nei Houston flein, dêr’t se opwachte waarden troch harren famyljes. Yn totaal hawwe de astronauten 167 dagen fan hûs west. Hja binne yn it ISS ferfongen troch fjouwer oare romtefarders.

Besjoch in filmke fan SpaceX:

maaie 3, 2021 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.