Soad belangstelling by ôftraap Taalplan Frysk 2030

maaie 27, 2021 12:43

Nei fjouwer foargeande kongressen efterinoar yn it Adverium yn Drachten, wie ôfrûne tiisdei de earste digitale ferzje fan WOW Frysk 2030. It kongres luts mear as 110 learkrêften, dosinten, direksjes, studinten en oare belangstellenden út de ferskillende sektoaren fan it ûnderwiis en foarme tagelyk de ôftraap foar Taalplan 2030.

Under útrop ‘Wow Taalplan Frysk 2030’ riede alderhande ynstellingen har ta op it jier 2030 as op alle skoallen yn Fryslân it Frysk praten, lêzen en skriuwen op in solide wize leard wurdt.

Dit jier waard it kongres Wow Frysk organisearre troch alle partijen dy’t yn it ramt fan taalplan Frysk 2030 gearwurkje. Like nijsgjirrich en ynspirearjend as oare jierren, mei njoggen ferskillende wurkwinkels en in digitale bydrage fan kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes. It wie de ôftraap fan Taalplan Frysk 2030. Yn dat projekt set de provinsje him – yn ’e mande mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), ûnderwiisburo Semko en de ûnderwiisynspeksje – yn foar de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en op alle ûnderwiisnivo’s. Dy wurkje dêrby gear mei learkrêften/dosinten, skoallen en skoalbestjoeren. It tema fan it kongres fan dit jier wie dan ek: Praktysk oan ’e slach mei it Frysk!

Op it kongres koene de dielnimmers troch ferskillende wurkwinkels ynspiraasje opdwaan om dêr foarm oan te jaan. Fan wurkjen mei twatalige wurdkaarten yn it foarskoalsk en ûnderbou primêr ûnderwiis, fia 123Zing yn it Frysk, (foar)lêzen en filosofearjen oer it boek Jou my de romte oant Taal yn Byld.

Foar it fuortset ûnderwiis wiene der ek tige nijsgjirrige wurkwinkels mei titels as: ‘Ik hoef geen Fries te leren van mijn vader’ en ‘De taal fan it hert, it fjoer ûntstekke’. Der waard antwurd jûn op de fraach “Wat dogge wy yn ’e les Frysk as it oankomt op skriuwfeardigens?”

Dit jier wiene der ek twa nijsgjirrige wurkwinkels foar it middelber beropsûnderwiis: ‘In klasse fol floggers’ en ‘Frysk yn de praktyk!’

Om koart te kriemen: it wie in grôtfol programma mei foar elts wat te finen! Wer in moaie opstap om mei-inoar mei it Frysk oan ’e slach!

 

maaie 27, 2021 12:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.