Alle sjongfestivalfinalisten binne bekend

maaie 21, 2021 10:10

Alle 26 finalisten foar it Eurofyzje Sjongfestival binne bekend. Yn de twadde heale finale kwalifisearren Albanië, Bulgarije, Finlân, Grikelân, Yslân, Moldavië, Portugal, San Marino, Servië en Switserlân har foar de finale.

Byld fan in eardere edysje (foto: Wikimedia Commons/Frédéric de Villamil – CC BY-SA 2.0)

Foar Grikelân komt sjongeres Stefania Liberakis út. Hja is berne yn Utert en studearret oan de Herman Brood Akademy yn datselde plak. Der wiene mear ynstjoeringen mei Nederlânske ynfloeden. Sa wurke de Nederlânske produsint Wouter Hardy mei oan it liet fan Switserlân. De Portugeeske band The Black Mamba liet him ynspirearje troch in besite oan de Amsterdamske wallen.

De Yslânske ynstjoering, Daði & Gagnamagnið, wie ien fan de favoriten, mar koe net optrede om’t ien fan de artysten koroana skipe hie. It nûmer ‘10 years’ waard dêrom net live spile. Yn stee dêrfan waarden bylden fan in repetysje útstjoerd.

Ofrûne tiisdei pleatsten Noarwegen, Israel, Ruslân, Azerbeidzjan, Malta, Litouwen, Syprus, Sweden, België en Oekraïne har al foar de finale. Gastlân Nederlân en de fiif grutte Eurofyzjelannen Dútslân, Frankryk, Italië, Spanje en it Feriene Keninkryk wiene al fersekere fan in plak yn de finale, no sneon.

Yn totaal dogge 39 lannen oan it Sjongfestival nei, ferdield oer de twa heale finales en de finale.

maaie 21, 2021 10:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne maaie 22, 16:46

    Der wurdt wakker pocht oer it minsklik ferskaat dat we sjogge op de ‘Eurofysje LGBTQIAP+-parade’. Dat is bêst genôch, mar tusken al it fisuele spektakel en it mâltjirgjen troch moat men sykje om it kulturele ferskaat. Ik soe graach mear lieten sjen as Shum fan Go_A út Oekraïne: yn de eigen taal en oanslutend by in eigen muzyktradysje. Mar nee, de measte songs komme fuort út de fermiddens fan in mondiale muzykyndustry en hawwe amper wat oarspronkliks yn. Yn sa’n miljeu kin Azerbeidzjan sawier ynienen bylkje mei ‘ús’ Mata Hari. En dat wurdt dan allegearre brocht troch presintatoaren dy’t sichtber ‘kicke’ op it praten fan dy oerwurdearre ynternasjonale taal. It is in McDonald’s-eftich ‘ferskaat’ dat wy optsjinne krije. Lykwols moai dat ús Jeangu Macrooy in pear rigels Sranantongo troch syn Ingelske tekst mjuksje koe. Wylst oer ‘yu no man broko mi’ ynearsten noch wat spytgnyskjend dien waard – hied er it no oer ‘broccoli’? – is it sa njonkelytsen suver al in wrâldferneamd sintsje wurden. It is in Surinaamsk odo (=biedwurd) dat er yn it refrein fan syn liet ferwurke hat: Mi na afusensi, no wan man e broko mi = ik bin (mar) in heale sint, (dat) nimmen kin my brekke. Soks is no kulturele rykdom. Alteast, in bewyske dêrfan. Ankom jier dan mar ris in wurdmannich Frysk? As Nederlân dêr gjin niget oan hat, kinne we faaks Azerbeidzjan wol ris hifkje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.