Sitsútstalling Frysk Museum iepenet yn Londen

maaie 18, 2021 09:25

De útstalling Sits, katoen yn bloei fan it Frysk Museum is fan 18 maaie o/m 12 septimber 2021 yn Londen te sjen. Fanwege de Ingelske tichtplicht hie it Fashion and Textile Museum de útstalling ústeld, mar no binne de musea yn Ingelân wer iepen. Sintraal yn Chintz: Cotton in Bloom stiet it blomrike, hânbeskildere katoen út Yndia dat fan de 17e iuw ôf de wrâld ferovere.

Foto: Fashion and Textile Museum Londen

Foaral yn Fryslân waard sits koestere, wat de kolleksje fan it Frysk Museum unyk makket yn omfang en kwaliteit. Mei sa’n 150 stikken, fan rokken oant simmerhuodden en bernemofkes, meitsje de Britten in reis nei Yndia, Hylpen en Japan. De útstalling wie fan 11 maart o/m 10 septimber 2017 yn Ljouwert te sjen. Dêr koe de eksposysje op 40.000 besikers rekkenje.

Hylper winke fan sits (foto: Frysk Museum)

Dat de eksoatyske sits ek yn Nederlân en Ingelân in sensaasje waard, is te tankjen oan de VOC en de Ingelske East Indian Company. Fan de 17e iuw ôf wie de eksoatyske stof net mear wei te tinken út Europeeske húshâldens. Yn Fryslân wiene de kleurrike, mei de hân bewurke stoffen ek populêr. Sa komt it dat it Frysk Museum oer in omfangrike kolleksje sits beskikt, dêr’t in part fan no yn Londen te sjen is. Chintz: Cotton in Bloom wurdt oanfolle mei in stikmannich hjoeddeiske stikken fan ûntwerpers as Renuka Reddy, Gerard Jasperse, Simone Post, Linda Valkeman, Jenne Sipman, Eline Groeneweg en Annie Philips.

Topstikken
Ien fan de topstikken fan de útstalling is in 18e-iuwske keamerjas út de kolleksje fan it Frysk Museum. De stof en it stik klean binne Yndiaask, it model is Japansk en de drager wie in rike Nederlanner. It stik lit as gjin oar sjen dat yn de skynber ienfâldige stof ferskate kultueren byinoar komme. De ‘kimono’ is trijehûndert jier lyn beskildere, mar sjocht der as nij út. In oar topstik is in wandkleed út de 17e iuw – de âldste sits yn Nederlân – mei liuwen, mytyske fûgels en in râne mei amûreuze tafrielen.

maaie 18, 2021 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.