Sina stjoert earste frachtraket nei eigen romtestasjon
Resint ferskynd
In Sineeske frachtraket is op wei nei it Sineeske romtestasjon yn oanbou Tiangong. De ûnbemanne raket, dy’t lansearre waard fan it eilân Hainan ôf, hat guod oan board dat nei oankomst automatysk nei it romtestasjon oerladen wurdt.

Makette fan de Tiangong 2 (foto: Wikipedia/Leebrandoncremer – CC BY-SA 4.0)
De kearnmodule fan it stasjon waard in moanne lyn yn in baan om ’e ierde brocht. Ein takom jier moat it romtestasjon Tiangong (Himelsk Paleis) klear wêze. Yn de tuskentiid stean der in protte ûnbemanne en bemanne flechten plend om de bou ôf te meitsjen en it stasjon yn gebrûk te nimmen.
It lansearjen fan de frachtraket, mei de namme Tianzhou (Himelsk Reau) 2, stie foar ôfrûne wike pland, mar waard fanwegen technyske problemen útsteld. No is alles goed gien, seit it Sineeske parseburo Xinhua.
Oan board binne foarrieden en brânje, foar de tarieding op de earste bemanne flecht nei Tiangong yn juny. Dan sille trije astronauten nei it romtestasjon foar in ferbliuw fan trije moanne. Yn ’e hjerst folgje trije nije astronauten. Tuskentroch wurdt noch in ûnbemanne frachtflecht útfierd.
De kearnmodule fan Tiangong moat noch mei twa gruttere ûndersyksmodules útwreide wurde. Dêrmei kriget Sina in folweardich romtestasjon, as lytsere tsjinhinger fan it ISS dat oan ’e ein fan syn libbensdjoer begjint te kommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje