Sina lit mei sukses romtereau op Mars lânje

maaie 15, 2021 09:05

Sina hat foar it earst in romtereau op Mars lânje litten, berjochtet it steatsparseburo fan dat lân op basis fan berjochten fan de romtefeartorganisaasje. De Tianwen-1 (‘syktocht nei de himelske wierheid’), lâne om 1.45 hinne (Nederlânske tiid). Sina is sadwaande nei de Feriene Steaten it twadde lân dat in sêfte lâning op de reade planeet makke.

De lansearring fan de Tainwen-1 op 23 july 2020 (foto: Wikipedia/China News Service – CC BY 3.0)

It romtereau hat ek in karke by him. De Zhurong-rover is in stik lytser as de Amerikaanske Marsweinen Curiosity en Perseverance en is kwa ôfmjittingen te ferlykjen mei de âlde Amerikaanske rovers Opportunity en Spirit. It is de bedoeling dat de Zhurong (‘fjoer fan god’), spoaren fan libben fynt en de boaiem fan de reade planeet ûndersiket.

De Tianwen-1 kaam in pear moanne lyn al by Mars oan en draaide sûnt dy tiid yn elliptyske banen om de planeet. It romtereau makke foto’s fan it plande lâningsplak dy’t Utopia Planitia neamd wurdt, in flakte dêr’t yn it ferline mooglik in oseaan wie.

De lâning duorre njoggen minuten. Mei’t Mars hast 200 miljoen kilometer fuort is, koe de flechtlieding allinnich ôfwachtsje oft it folautomatyske lâningsproses mei in hjitteskyld en in parasjute goed ferrûn. It sinjaal fan Mars ôf docht der achttjin minuten oer om de ierde te berikken.

Besjoch in filmke fan CCTV op YouTube.

maaie 15, 2021 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.