Simone Djurrema: Stoer

maaie 8, 2021 20:00

Kollum

Ik haw altyd al in bytsje oars as oars west. In heale jonge, mar dochs ek wer net. Doe’t ik lyts wie plôke ik blomkes, boarte ik mei poppen en barbys, mar ik klom bygelyks ek yn de heechste beammen. Ien kear siet ik sa heech, doe doast ik der net wer út. Heit moast komme, mar de tûken dêr’t ik hinne klommen wie, wiene sa tin, dêr koe heit fansels net by. Ik sjoch noch de tûke foar my dy’t him oan ’e ein opsplitste. Dy wie net sa tsjok… Gelokkich slaggen se deryn om my derút te praten. Stel dat se der net yn slagge wiene, dan hie de brânwacht komme moatten. Dat hie ik nea ferjitte kinnen!

Ik woe altyd dingen kinne dêr’t de minsken fan sizze dat it neat foar famkes of froulju is. Earst by it boartsjen en letter as folwoeksene. Bygelyks wa’t it skeefst doarde te silen en wetter mei it sylboatsje doarde te skeppen. Of letter mei de karre efterút ride. “Eins moat er dêr efterút hinne riden wurde om de platen derop te krijen, kinst dat wol?” Dan soarge ik wol dat ik it koe! It idioatste wat ik dien haw, wie by in sirkus de hân opstekke om op in fjouwerjend hynder stean te meien. Geweldich! Gelokkich wiene de bern noch te lyts om har foar my te skamjen.

Ik wie dat in bytsje kwyt rekke. Yn Fryslân om’t it libben gewoan… te drok wie. Hjir yn Sweden hie ik net mear wurk as aquarobicsynstrukteur en joech ik net mear wettergym. Ik hoegde lang net safolle te rinnen as eartiids by it swimbad. Myn kondysje draafde hurder efterút as dat ik hurdrinne koe. Ik die wol in skoftke wat oan sport, mar no mei de koroana giet dat ek net troch. En om dan thús oefeningen te dwaan, dat witte de measten fan jimme ek wol, dat wurdt hielendal neat. Mei tanimmende argewaasje sjoch ik de foto’s fan sportive minsken op Facebook. En de rûten dy’t se kuiere of sels hurdrûn hawwe. Ik haw nea fan fitness holden. Ek net fan alle kearen wer itselde rûntsje fytse of rinne. Ik haw hjir wol ûnderskate rûten, mar as ik alle wiken in pear kear gean, is dêr ek gjin nijs mear oan. En om der no foar te riden, fyn ik ek wer neat.

Ik kin sa de natuer yn, mei of sûnder hûn, rinnend of op ’e fyts, mar ik haw der echt gjin sin oan om dat geregeld as sport te dwaan, dan is fuort de wille derôf. As ik dan op Facebook sjoch, krij ik it gefoel dat ik ek moat, dat ik oars mar in loaibûse bin of sa. Bin ik de iennichste? Wy kinne dochs net allegearre fan deselde hobbys hâlde?

No haw ik miskien de oplossing fûn. Hiel simpel. Besykje it mar. Doch in wurkbroek oan. Echte wurkklean. Dat allinnich al docht wat mei jin. Ik soe wat dwaan, ik wit net iens mear wat, it sil wol neat om ’e hakken hân hawwe, mar ik woe it net yn myn gewoane klean dwaan. Dêrom hie ik in wurkbroek fan Hindrik oan dy’t him dochs net lekker sit. Doe’t ik bûten omrûn bekroep my in stoer gefoel. Mei de elektryske boarmasine yn ’e hân om’t ik trije skroefkes losdraaie moast om yn in bouprojekt te kommen, mear net, rûn ik krekt wat mear fearjend. Fielde ik my in prof. In boufakker! Handich!

Letter moast ik nei de winkel om it ien of oar. De buorlju stiene by de kassa en seine nei twa kear sjen: “Wiesto dat? Wy koene dy fuort net werom yn ‘e wurkklean!” Ik gie noch wat rjochterop stean en knikte beskieden, sa gewoan mooglik, wol in bytsje stoerder as oars. Wer yn ’e auto klapte ik de doar krekt wat hurder ticht as oars en ried ik krekt wat flotter fuort.

Doe kaam my yn it sin hoe’t ik altyd wie: domwei alles oanpakke en net dreech dwaan. En hoe’t ik de lêste tiid wie: net swier wurk dwaan wolle, want ik wie neat wend, dat ik soe wol ris lêst fan it rêchje krije kinne. Of in splinterke yn ‘e hân. Net bêst! No haw ik faak wurkmoffen oan, want splinters hâld ik noch hieltyd net fan, en ik moat sizze dat it de stoerfaktor miskien noch in bytsje ferheget. Net eamelje mar oanpakke!

Lêstendeis haw ik, net om de klean hear, yn ’e holle krige om sels terrasmeubels te meitsjen. Op YouTube steane allegearre filmkes oer hoe’t men dat oanpakke kin, ek fan hiel knappe jonge froulju mei in hiel protte make-up en lange keunstneilen. Ik tocht: as dy it kinne, kin ik it ek! Meubels yninoar skroeve dan, der sa moai útsjen lit ik oan harren oer. Ik kin dochs klean naaie? Dan hoech ik allinnich oan it materiaal en it ark te wennen, de rest moat út te sykjen wêze. Doe haw ik in ûntwerp makke en mei ôffalhout in prototype fan in moaie komfortabele houten stoel yninoar set.

Hielendal yn ’e wolken dat it bêst goed slagge wie, tink ik no dat ik in hiele set meitsje kin fan goed hout. Der binne fansels dingen dy’t better kinne, mar Hindrik sei dat men soks allinnich leare kin troch it te dwaan en dat it wol tige slagge wie. Dan moatte we mar hoopje dat er dat net allinnich seit om aardich te wêzen.

Fan ’e wike haw ik beamstammen ophelle mei it trekkerke en de karre fan Martijn en Hadassa út Fryslân, dy’t hjir no ek wenje. Ik kin no dus ek trekkerride, fyn ik. Boppedat haw ik meiholpen om it hout fan ’e karre ôf te krijen. Der wiene hiel swiere stammen by, dat wol net allinnich. Ik bin wer op gong! It is út mei it geeamel!

Dus wa’t in oppepper nedich hat, ik kin oanriede om jim ris wat oars te klaaien. Ik kin my foarstelle dat ien dy’t mear fan hurdrinnen hâldt him sportiver fielt yn sportklean. Brûk jim fantasy. Foar my jildt, doch ris wurkklean oan en rin in rûntsje troch de tún mei in hammer yn ’e han. It docht wûnders! No hawwe wy wol as foardiel dat it der by ús útsjocht as wie der altyd wol wat te dwaan. (It liket net allinnich sa, it is sa). Ik kin my foarstelle dat dyjinne dy’t dit lêst en op in flatsje wennet, tinke kin: “Mjaaahhh, ik wit net.” Mar foar my wurket it bêst!

Sa, de kollum is klear. Miskien kin ik noch wat seagje, of moat ik Tommy Svensson ris opbelje om te freegjen oft ik in kear op syn grutste trekker ride mei…

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
maaie 8, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.