Ruslân stjoert filmploech nei ISS

maaie 14, 2021 08:26

Ruslân hat bekend makke letter dit jier in aktrise en in regisseur nei it International Space Station (ISS) te stjoeren. De twa sille meiwurkje oan de earste echte film dy’t yn ’e romte opnommen wurdt.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

Moskou siket nei manieren om syn romtefeartprogramma in oppepper te jaan. It Russyske romtefeartagintskip Roskosmos hat soartgelikense plannen as NASA. Dat Amerikaanske romtefeartbedriuw makke ferline jier bekend dat it gearwurking socht hie mei akteur Tom Cruise om in film yn it ynternasjonale romtestasjon te meitsjen.

In Russyske steatskommisje hat de kandidaten selektearre foar de film mei de titel Utdaging. De keazen aktrise is de 36-jierrige Joelia Persild. De regisseur is Klim Sjipenko (37), dy’t ûnder mear in film makke oer de rêding fan in Russysk romtestasjon yn de tachtiger jierren. Hja sille fan takom moanne ôf in kosmonautetrening folgje. De lansearring fan it Sojoez-romteskip nei it ISS stiet plend op 5 oktober.

De flecht mei Tom Cruise oan board sil ek yn oktober wêze. De Amerikaanske akteur fljocht dan mei de Crew Dragon fan romtefeartbedriuw SpaceX.

Roskosmos makke fierder buorkundich dat de Japanske miljardêr Yusaku Maezawa (45) yn desimber nei alle gedachten in flecht nei it ISS meitsje sil. Hy wol oer in jiermannich ek in flecht om de moanne meitsje yn it Starship dat troch SpaceX ûntwikkele wurdt. Oant no ta hawwe acht romtetoeristen in selsbetelle tocht nei it ISS makke. Maezawa is de earste Japanner. Hoefolle’t er betellet, is net bekend. Yn it ferline betellen romtetoeristen tusken 20 en 35 miljoen dollar foar in plak yn de Sojoez.

maaie 14, 2021 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.