Romtefeartbedriuw Blue Origin wol yn july toeristen de romte yn bringe

maaie 6, 2021 09:29

Romtefeartbedriuw Blue Origin fan Amazon-oprjochter Jeff Bezos wol fan ’t simmer al toeristen nei de romte bringe. De earste toeristyske flecht mei romtereau New Shepard moat op 20 july de loft yngean.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

New Shepard is ûntwurpen om seis passazjiers autonoom nei in hichte fan hûndert kilometer te bringen. Dat is heech genôch om yn in oantal minuten gewichtleazens te ûnderfinen en de krûming fan de ierde sjen te kinnen. Dêrnei sakket it romtereau wer mei help fan parasjutes. New Shepard hellet net genôch faasje en hichte om yn in baan om ’e ierde te kommen.

De earste toeristyske flecht wurdt lansearre yn it westen fan Teksas. It romtereau moat op itselde plak ek wer lânje. Nei de earste flecht op 20 july moatte der dit jier noch in tal bemanne flechten wêze, seit in wurdfierder fan Blue Origin. It is net dúdlik wat passazjiers foar in flecht betelje. It soe om inkelde tonnen gean. Op de earste flecht is ien stoel reservearre foar de winner fan in online feiling. De opbringsten dêrfan geane nei in stifting dy’t troch Blue Origin oprochte is.

SpaceX fan Tesla-baas Elon Musk wol yn ’e rin fan it jier ek in earste kommersjele romteflecht meitsje. Dy passazjiers geane wol heech genôch om yn in baan om ’e ierde te kommen. SpaceX slagge der ferline jier al yn om astronauten nei romtestasjon ISS te bringen.

maaie 6, 2021 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.