‘Restanten Sineeske raket yn Yndyske Oseaan telâne kommen’

maaie 9, 2021 10:21

Lange Mars (foto: Wikipedia – publyk domein)

Rêsten fan de Sineeske Lange Mars 5B-raket binne yn de Yndyske Oseaan delkommen, berjochtsje Sineeske steatsmedia. It grutste part fan de raket soe ferbaarnd wêze doe’t dat de dampkring ynkaam, om 04.24 oere Nederlânske tiid.

Op basis fan de koördinaten dy’t Sineeske steatsmedia melde, falt op te meitsjen dat de brokstikken besúdwesten Yndia en Sri Lanka op ierde telâne kommen binne. It wie dúdlik dat de tritich meter lange raket fan ’t wykein op ierde weromkomme soe, mar net ien wist wêr. Astronomen sprutsen fan ien fan de grutste stikken romtepún dat ûnkontrolearre op ierde delkomme soe, yn tritich jier tiid. Ferskate romtesaakkundigen neamden it hanneljen fan Sina ûnferantwurde. Yn Sina sels waarden dy noeden as in “westerske hype” ôfdien.

maaie 9, 2021 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.