Resept foar Fryske sipelsop
Resint ferskynd
Sipelsop waard al yn de tiid fan de Romeinen iten. Yn dy tiid waard it sjoen as in sop foar de earme befolking, om’t sipels goedkeap en in protte te krijen wiene. Yn it jier 686 fertelde Berber Wiarda fan Deinum al oer in troch har klearmakke sipelsop, dat by de magistratuer fan eartiids sa goed yn ’e smaak foel, dat oan de tsjerke-arsjitekt Rinse Rinstra opdracht jûn waard om de toer fan Deinum te bekroanjen mei in sipel ynstee fan de oant dy tiid ta wenstige grevekroan.

Sipelsop (foto: Wikipedia/Anton Obolensky – CC BY 2.5)
Yngrediïnten:
– 60 gr. bûter
– 500 gr. snipele sipels
– 60 gr. blom fan moal
– 1 l. bûljon (of 1 l. wetter + 2 bûljonblokjes)
– sâlt, piper, nutemuskaat
– 1 tl. jittik
– 100 gr. raspe goudske tsiis
– 3 hurdseane aaien
– stokbôle
De sipels yn bûter blansearje (foaral net brún wurde litte), blom derby en goed riere, bûljon al rierend tafoegje, 5 minuten trochsiede litte. Op smaak bringe mei sâlt, piper, nutemuskaat en jittik. Aaien mei in foarke fynmeitsje. Op ’e boaiem fan it board wat aai dwaan en dêr it sop op jitte. No noch wat tsiis deroerhinne struie en optsjinje mei stokbôle. Letter ite!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje