Reisadvys ferromme foar ûnder mear Curaçao, Portugal en Balearen

maaie 16, 2021 08:32 Fernijd

It ministearje fan Bûtenlânske Saken hat fan in tal lannen en gebieten it reisadvys fan oranje yn giel of grien feroare. Dat betsjut dat reizgjen nei dy plakken net langer sterk ôfret wurdt. It giet ûnder mear om Portugal, Curaçao, Ierlân en de Balearen.

Curaçao (foto: pixabay.com)

Folsleine list fan lannen mei oanpast reisadvys
Giel: Finlân, Ierlân, Malta, Portugal (de Azoaren en Madeira ynbegrepen), de Noard-Egeyske eilannen, Súd-Egeyske eilannen, Ionyske eilannen, de Balearen en Kanaryske Eilannen, Aruba, Curaçao, Sint-Maarten, Rwanda en Tailân.

Grien: Saba en Sint-Eustatius

It ministearje fan Bûtenlânske Saken beklammet dat it net sa is dat reizgers út Nederlân yn dy lannen en gebieten gjin inkeld risiko rinne. Minsken moatte goed op ’e hichte bliuwe fan de pleatslike koroanaûntwikkelingen, sawol foar, ûnder as nei de reis. “De situaasje yn in lân kim ommers fluch feroarje”, skriuwt it ministearje. It kin ek wêze dat lannen mei in grien of giel reisadvys sels ynreisbeheiningen hawwe, lykas in negative test of karantêneferplichting.

Oranje
De oare Europeeske lannen bliuwe foarearst op kleurkoade oranje stean. It kabinet ûntriedt reizgjen nei dy lannen noch hieltyd sterk. By in oranje reisadvys moatte reizgers by weromkomst yn Nederlân in negative testútslach sjen litten en wurdt harren driuwend advisearre om tsien dagen yn karantêne te gean.

Foar Bonêre jildt noch in oranje reisadvys. In wurdfierder fan Bûtenlânske Saken kundige ôfrûne wike oan dat mei yngong fan 19 maaie dat reisadvys nei giel gean moat.

maaie 16, 2021 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.