Ramtnota 2022: Fryslân hâldt hân op de knip

maaie 19, 2021 08:29

Fryslân giet troch mei yn te setten op brede wolfeart. Healwei de bestjoersperioade konkludearje Deputearre Steaten dat ‘Lok op 1’ de goede koers is en bliuwt. Fryslân hâldt dêrom fêst oan de ambysjes út it bestjoersakkoart en komt mei in sobere Ramtnota 2022. De kommende jierren krimpt de begrutting fan de provinsje, fan goed 550 miljoen euro yn 2021 nei sa’n 310 miljoen euro yn de jierren dêrnei. Om jild oer te hâlden foar de folgjende bestjoersperioade en romte te hâlden om út de koroanakrisis te kommen, komt DS allinne mei foarstellen dy’t nedich binne om te foldwaan oan de wetlike taken of dy’t ûnfoarsjoen binne, dêr’t net oan te  ûntkommen is en dy’t net útsteld wurde kinne. De provinsje set, mei de Fryske Projektemasine, ek ekstra yn op it binnenheljen fan jild út Europa.

Deputearre Sander de Rouwe: “Nei it earste koroanapakket yn 2020 en it twadde pakket dat yn april 2021 troch PS fêststeld is, komme wy yn dizze ramtnota net mei nije ambysjes. Mei brede wolfeart hawwe wy de goede rjochting fûn. Us ambysje om yn Fryslân lok op 1 te setten, stiet noch altyd as in hûs.”

Foarstellen yn de Ramtnota 2022

  • Faunabehearienheid (alle jierren € 300.000, fan 2024 ôf);
  • Predaasjebehear (ien kear € 600.000);
  • Gewaaksbeskermingmiddels ûndersyksbudget (ien kear € 150.000);
  • Lûdshinder provinsjale diken (alle jierren € 86.000);
  • Thialf eksploitaasjebydrage (alle jierren € 542.000);
  • Befrijingsfestival (alle jierren € 45.000);
  • Breed mei-finansieringsbudzjet (ien kear € 2 mln).

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Jierstikken 2020 en Earste Bestjoersrapportaazje 2021
Neist de Ramtnota 2022 presintearje Deputearre Steaten de Jierstikken 2020 en de Earste Bestjoersrapportaazje 2021. Yn beide stikken is de ynfloed fan koroana te sjen. Benammen wêr’t fysike gearkomsten foar it beheljen fan resultaat fan belang binne, docht him opûnthâld foar.

De jierstikken sjogge werom op it foargeande jier. Fryslân hâldt ien kear, oan ’e ein fan 2020, € 32,8 miljoen oer. Dêr wie € 12,2 miljoen al fan yn de begrutting opnommen. Dat komt ûnder  mear troch tafallers by de útkearing fan it provinsjefûns, legere ôfskriuwingslêsten en it frijfallen fan in oantal tydlike budzjetten. DS advisearret oan PS om dêr € 8 miljoen fan opnij yn te setten foar deselde ûnderwerpen. Dat binne ûnder mear: de oanpak fan net-befeilige spoaroergongen, it boaiemkonvenant en de gebietsûnwikkeling WTC Ljouwert.

De bestjoersrapportaazje is bedoeld om, wêr’t dat nedich is, by te stjoeren yn it rinnende jier. De wichtichste finansjele wiziging yn dizze earste bestjoersrapportaazje is it frijfallen fan goed € 17 miljoen yn de grutte ynfrastruktuerprojekten. Dêr € 4 miljoen fan opnij ynset foar de kosten fan it behear- en ûnderhâld yn de kommende jierren. Dêrnjonken binne foarstellen opnommen oangeande ûnfoarsjoene saken dêr’t net oan te  ûntkommen is en dy’t net útsteld wurde kinne.

De frij te besteegjen reserve is yn 2023, oan ’e ein fan de rinnende bestjoersperioade, noch € 121,9 miljoen en it begruttingssaldo € 3,9 miljoen (ûnder betingst fan beslútfoarming yn PS oer boppesteande stikken).

maaie 19, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.