Radikale moslim sjit trije minsken del

maaie 28, 2021 18:07

Yn de Frânske stêd Chapelle-sur-Erdre hat in radikale moslim trije plysjes slim ferwûne. De man rûn it pleatslike plysjeburo yn, stiek dêr in plysjefrou del en ûntfytmanne har har tsjinstpistoal. Dêr skeat er har mei yn ‘e skonk en yn ‘e hân.

Mei it sjitwapen naaide er út yn in auto. Hy krige in ûngemak en rûn doe fierder. De plysje sette him manmachtich nei. Yn in bosk koe er ynsletten wurde. Dêr beskeat er de plysje. Twa minsken rekken slim ferwûne.

De plysje hat de man deasketten. It die bliken dat er op in list fan radikalisearre moslims stie. Hy wie skizofreen.

De trije slachtoffers lizze yn it sikehûs.

In moanne lyn stiek in radikale moslim yn Parys in plysjefrou del. De ôfrûne jierren hat der in soad geweld west fan radikalisearre moslims, ek tsjin ‘e plysje.

maaie 28, 2021 18:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.