Prototype Marsraket SpaceX no wol feilich lâne

maaie 8, 2021 09:50

Foto: Wikipedia/Forest Katsch – CC BY-SA 4.0

It ûnbemanne prototype Marsraket fan it Amerikaanske romtefeartbedriuw SpaceX is suksesfol lâne nei in testflecht. Fjouwer eardere testflechten eksplodearren foar, mei of koart nei de lâning yn it súdwesten fan Teksas.

Diskear slagge it wol om Starship SN15 feilich lânje te litten. De raket is in prototype dat troch it bedriuw fan Elon Musk ûntwikkele is foar takomstige missys nei Mars en de moanne. SpaceX bringt op it stuit al frachten en astronauten fan en nei it ynternasjonale romtefeartstasjon ISS.

Starship SN15 waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei fan de romtebasis fan SpaceX yn Boca Chica, Teksas lansearre. De raket berikte in hichte fan likernôch tsien kilometer boppe de Golf fan Meksiko, om dêrnei horizontaal te draaien en yn frije fal te gean. Dêrnei giene de motoaren oan om de raket wer op it lâningsplak werom te bringen.

De flecht duorre seis minuten. Koart nei de lâning ûntstie oan de ûnderkant fan de fyftich meter lange raket in brantsje, dat gau dwêste waard. By eardere testflechten late in soartgelikens brantsje derta dat it hiele reau ûntplofte.

Besjoch in filmke fan SpaceX:

maaie 8, 2021 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.