Poetry International mei Nyk de Vries en Artvark livestream yn De Lawei

maaie 31, 2021 08:43

Op snein 6 juny om 16.00 oere bringe de Nederlânsk-Fryske poëzij-muzykproduksje fan Artvark en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in foarstelling mei in livestream (try-out) yn De Lawei yn Drachten. Yn opdracht jûn troch Poetry International. De muzikale fleksibiliteit fan Artvark en de fertellende krêft fan de poëzij fan Nyk de Vries ûnthjitte in bysûndere teatrale ûnderfinging. In ûnderfining dêr’t taal en muzyk inoar yn drage, fersterkje en gearfloeie yn in poëzij-muzykproduksje dy’t fierder rikt as it fermogen fan de taal en de muzyk ôfsûnderlik: Glass meets Tom Waits / Nick Cave.

Nyk de Vries en Artvark (foto: Reyer Boxem en Martijn Snijder)

Oer Nyk de Vries
Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is dichter, skriuwer en muzikant. Hy begûn as sjonger fan de band The Amp en lei him ûnder syn stúdzje skiednis yn Grins op it skriuwen ta. Yn De Blauwe Fedde, in tydskrift oprjochte mei Meindert Talma, ferskynden syn earste proazagedichten, dy’t yn 2008 bondele waarden yn de publikaasje Motorman. Yn dyselde jierren wûn er it Belcampo Stipendium. By syn útfieringen makket er in protte gebrûk fan muzyk en byld. Foar Omrop Fryslân makke er de radiorubryk ‘De Minút fan Nyk’ dy’t nominearre waard foar de NL-Awards.

Oer Artvark Saxophone Quartet
Fuort mei stuollen! Fuort mei klassebanken! Artvart beweecht! Artvart stiet foar fernijende orizjinele komposysjes, sterke yndividuele solisten en de aventoerlike groove fan fjouwer saksofoans. It kwartet meänderet troch muzikale tradysjes, soms op it snijflak fan klassyk en jazz, altyd mei soul en blues, en swaait oer it poadium neffens in ymprovisearre goreografy. Rolf Delfos (altsaks), Bart Wirtz (altsaks), Mete Erker (tenorsaks) en Peter Broekhuizen (baritonsaks) minge harren ferskate eftergrûnen ta in unanym, kreatyf en unyk lûd; it lûd fan Artvark.

Foar mear ynformaasje of it bestellen fan kaarten: www.lawei.nl.

maaie 31, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.