Plombrief foar taalbelied gemeente Achtkarspelen

maaie 18, 2021 20:45

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Tiisdei krige de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ fan de Ried:

 

Gemeente Achtkarspelen
o.f. Gemeenteried en Kolleezje fan B&W
Stasjonsstrjitte 18
9285 NH Bûtenpost

Ljouwert, 18 maaie 2021

Oer: Plombrief Taalbelied Gemeente Achtkarspelen

 

Achte gemeenteried en kolleezje,

Okkerwyks hat de gemeente Achtkarspelen inkele kearen sjen litten hoe’t in gemeente Frysk taalbelied yn ‘e praktyk stal jaan kin. De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it Frysk, stelt dat tige op priis. Dêrom hawwe wy besletten de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ te jaan yn de foarm fan dizze brief.

Wêrom in plom?
Yn in protte gemeenten bliuwt Frysk taalbelied beheind ta moaie wurden foar de Bühne, sûnder de praktyske ynfolling dy’t derby heart. Mei in ynspirearjend taalbelied en troch it brûken fan it Frysk op ferskate gemeentlike nivo’s te stimulearjen en sichtber te meitsjen, lit Achtkarspelen sjen dat it ek oars kin.

Frysk foar ynboargering
Mei twa resinte aksjes makke de gemeente dúdlik dat it him tinken is mei it yn praktyk bringen fan Frysk taalbelied. Sa waard yn de ried in moasje fan de FNP oannommen om it regear yn De Haach te freegjen ryksjild ta te kennen foar de ynboargering fan statushâlders. “Trochdat ynwenners fan in plattelânsgemeente as Achtkarspelen foar it grutste part Fysktalich binne, merke wy dat it ferstean fan it Frysk in mearwearde hat foar in flotte yntegraasje en partisipaasje fan asylsikers binnen de mienskip”, skreau boargemaster Oebele Brouwer yn in brief oan minister Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. It ministearje liet lykwols witte, dat soks net de bedoeling is omdat it learen fan it Frysk bûten de rikwiidte fan de nije Wet Ynboargering leit. De Ried fan de Fryske Beweging fynt it tige te priizgjen dat de gemeente op dizze wize de yntegraasje fan statushâders befoarderje woe en sa ek rjocht dwaan woe oan it wichtige plak fan it Frysk yn de mienskip.

Sichtber Frysk
De oare positive aksje oangeande it Frysk dêr’t Achtkarspelen okkerdeis mei yn it nijs kaam wie it pleatsen fan Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost. Besikers wurde yn it Frysk wolkom hjitten op buorden by de publyks- en personielsyngong. Ek wurdt it Frysk binnen de gemeente foar it grutte publyk sichtber makke mei Fryske gedichten op buorden by fytsrûtes del.

Op grûn fan boppesteande feiten hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten de gemeenteried en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Achtkarspelen in plom ta te kennen. Alle lof en gean sa troch!

Mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging,

Pier Bergsma,                                    Nynke Beetstra,
Foatsitter                                           Skriuwer

 

maaie 18, 2021 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.